'Frysk' plysjeburo Hilversum

30 sep 2011 - 12:38

Foar de opnames fan de nije plysjesearje Moordvrouwen is yn Hilversum in gebou yn in Frysk plysjeburo feroare. Dêr wurde dizze dagen opnames makke. De filmploech is yn Fryslan sa goed as klear. Der binne ûnder oare bûtenopnames makke yn Swichum by Wurdum.

De nije searje is fan takom jier jannewaris ôf te sjen by RTL. Wendy van Dijk, René Soutendijk en Thijs Römer spylje in rol yn de searje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)