Seis otters werom de natuer yn

Yn natuergebiet Alde Feanen wurde de kommende tiid seis otters útset. Dat hat it Fryske Gea freed bekend makke. It binne trije otters dy't in jier ferlyn as wees fûn binne yn natuergebiet De Rottige Meente. De trijeling is sûnt dy tiid opfokt troch it Otterstation Nederland. Dan gean der noch trije oare otters werom de natuer yn. Dy bisten komme út Tsjechië en Eastenryk.
It útsetten sil de kommende twa moanne heve.