Breuer net mei nei Arnhem

30 sep 2011 - 12:14

Michel Breuer sit net by de seleksje fan SC Hearrenfean foar de wedstriid fan sneon tsjin Vitesse. Hy hat in blessuere oan de ljisk.

Keeper Kenny Steppe keart nei in jier oan blessueres werom op de bank. De lêste wedstriid dy't Steppe spile, wie op 11 septimber 2010. René Oosterhof is blessearre, wêrtroch't derfoar keazen is om Steppe no al by de wedstriidseleksje te heljen. Viktor Elm foel tsjin Heracles blessearre út, mar kin tsjin Vitesse wer meidwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)