Tillefonnepaed wer yn berop

In groep hûnebesitters út Warkum sil nei de Ried fan Steat. Se wolle ôftwinge dat se mei de hûn oer it Tillefonnepaed meie. Dat paad is gemeentlik eigendom, mar rint troch it lân fan in boer. Dy is bang dat syn kij troch de hûnestront besmet reitsje mei baktearjes.
De rjochter yn Ljouwert hat de hûnebesitters witte litten dat se gjin partij binne omdat se net oan it paad wenje. De hûnebesitters wolle no har gelyk helje by de Ried fan Steat.