Utstel saak-Eeuwke Reidsma

29 sep 2011 - 16:25

De rjochtsaak tsjin de man dy't fertocht wurdt fan it deariden fan de 56-jierrige Eeuwke Reidsma út Ljouwert wurdt foarearst noch net ynhâldlik behannele. De advokaat fan de 39-jierrige fertochte út Ljouwert hat útstel frege en de rjochter hat dat fersyk ynwillige. De advokaat wol dat der in tsjinûndersyk hâlden wurdt.

Dat rjochtet him op de snelheid fan de fertochte. It NFI-ûndersyk sei dat de fertochte 90 km yn de oere ried, mar de fertochte hâldt fol dat dat 50 wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)