Fúzje-opsjes Harns beheind

29 sep 2011 - 16:00

It Harnzer gemeentebestjoer wol graach fusearje mei oare gemeenten. Se tinke sa better har taken útfiere te kinnen. In opsje is Frjentsjerteradiel. Mar dat leit gefoelich. Dy twa plakken binne as fjoer en wetter. Dochs sjocht it kolleezje fan B en W yn Frjentsjer in fúzje mei Harns wol sitten.

In oare opsje foar Harns is in fúzje mei Menameradiel en It Bilt. Mar dy rjochtsje har allinnich op de beide oare Middelseegemeenten Ferwerderadiel en Ljouwerteradiel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)