Nij ûndersyk Antillenflat

De bewennerskommisje fan de Antillenflat wol dat de Onderzoeksraad voor Veiligheid in nij, ûnôfhinklik ûndersyk docht nei it ûngelok mei de ynstoarte galerij. It ûndersyk fan Econstruct dat tiisdei presintearre waard, wiist út dat de flat feilich is en nei de rekonstruksje fan de galerijen noch jierren mei kin.
Neffens de bewennerskommisje binne tal fan klachten lykwols bûten it ûndersyk litten.