De Vries yn basis Cambuur

© Omrop Fryslân
Mark de Vries begjint freed yn de basis by Cambuur. De Ljouwerters spylje thús tsjin FC Emmen. De kâns bestiet dat ek Martijn Barto yn de basis stiet.
Dat hinget ôf fan in ankelblessuere fan Melvin de Leeuw. As de Leeuw fit is spilet hy nei alle gedachten, Oghuzan Türk sit net by de seleksje. Hy hat noch te folle hinder fan in ljiskblessuere. Fierder is de Cambuur seleksje folslein. Tsjinstanner Emmen hat noch gjin wedstriid wûn dit seizoen.