'Harns moat dûkteam hâlde'

29 sep 2011 - 11:40

Harns is swier teloarsteld oer it beslút dat it dûkteam fan de brânwacht yn de gemeente opheft wurdt. Neffens boargemaster Scheffer moat Harns as dé seehaven fan Fryslân absolút sa'n dûkteam hâlde. De Fryske boargemasters hawwe yn it regionaal kolleezje besletten dat fiif fan de sân dûktiims fan de brânwacht ferdwine moatte.

Njonken it team fan Harns giet it dan om It Hearrenfean, Jobbegea, Damwâld en De Westereen. Ljouwert en Snits hâlde sa'n dûkteam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)