Famke (9) skept troch auto

In famke fan 9 jier út Mantgum is woansdeitemiddei op de Hegedyk nei Weidum skept troch in auto. In automobilist fan 20 jier út Mantgum seach it famke ynienen foar him op de dyk. Hy remme hurd, mar koe in oanriding net foarkomme.
It famke is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht. It buro Verkeersongevallenanalyse docht ûndersyk.