Oanriding op De Gordyk

29 sep 2011 - 10:31

In man fan 27 jier út Terwispel is woansdei ferwûne rekke by in ûngelok op de Nijewei op De Gordyk. In automobilist seach te let dat it ferkear foar him stil stie en botste achterop de auto fan de man út Terwispel.

De man út Terwispel moast mei de ambulânse nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)