Ien grutte VVV yn SWF
Foar de gemeente Súdwest-Fryslân komt ien grutte VVV. Tongersdei wurdt troch alle partijen in yntinsjeferklearring ûndertekene dêr't yn stiet dat ien federaasje foarme wurdt dat in gebiet beslacht fan Makkum, Snits, Wâldsein nei Hylpen.
Dy regio-VVV wurdt dêrmei de grutste fan Fryslân.