Fiif dûkteams fuort

Auto te wetter (foto: argyf Omrop Fryslân)
Fryslân rekket fiif fan syn sân dûkteams fan de brânwacht kwyt. It giet om de teams yn Harns, It Hearrenfean, Jobbegea, Damwâld en De Westereen. Dêrfoar yn it plak komme dûkteams yn Ljouwert en Snits en in tal saneamde oerflakteteams, dy't rêdings yn minder djip wetter útfiere moatte.
Neffens korpsbehearder Crone komt troch dit beslút de feilichheid net yn gefaar, ek al binne de twa dûkteams dy't noch oerbliuwe langer ûnderweis.