Yllegaal fjoerwurk yn Dokkum

28 sep 2011 - 13:43

De plysje Fryslân hat moandei yn Dokkum de earste partij yllegaal fjoerwurk yn beslach naam. De plysje waard warskôge troch bewenners fan de Festus Hommiusstrjitte yn Dokkum. Dy hiene hurde knallen heard.

Yn it hûs fan in 14-jierrige Dokkumer fûn de plysje 32 nitraatbommen en fiif betonstrikers. It guod is yn beslach naam. Yn oerlis mei de mem is de jonge trochferwiisd nei buro Halt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)