Man ferstoarn nei auto-ûngelok

Helpferlieners op it plak fan it ûngelok (foto: Jaring Rispens, stjoerder.nl)
De 20-jierrige Ljouwerter dy't yn de nacht fan 21 op 22 septimber swier ferwûne rekke by in ûngelok op de Saturnuswei yn Ljouwert is tiisdeitenacht ferstoarn yn sikehûs MCL. De man siet achter it stjoer fan de auto dy't fan it talúd ôf rekke en tsien meter leger op de kop yn in sleat neist it spoar telâne kaam.
By it ûngelok rekken ek twa ynsittenden fan 20 en 28 jier swier ferwûne.