Hurdfytser brekt noas fytser

In fytser (16) fan De Jouwer is tiisdei om twa oere hinne mishannele troch in hurdfytser. De jonge fytste op de Séwei foar in groep klasgenoaten út, doe't hy de hurdfytser tsjinkaam. Neffens de Jouster gie hy yn de berm om romte te meitsjen. De hurdfytser begûn te skellen en gie achter de knaap oan. Se foelen beide, wêrnei't de hurdfytser de jonge sloech.
Dy bruts syn noas en moast nei it sikehûs. De hurdfytser naaide út. It is in fjirtiger mei koart hier.