Tonnemafabryk dochs monumint

27 sep 2011 - 20:57

De Tonnemafabryk yn Snits wurdt dochs in ryksmonumint. Eigner Leaf besocht dat mei in rjochtssaak op te kearen, mar is dêr net yn slagge. De rjochtbank besleat dat it behâld fan in wichtich stik kultureel erfgoed swierder waget as it bedriuwsekonomysk belang fan de gebrûker.

Leaf seit der finansjeel min foar te stean en yn de bedriuwsfiering beheind te wurden troch de monumintestatus, omdat needsaaklike ferbouwings net tastien wurde soene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)