Plan: Ambachtshûs op 'e Jouwer

27 sep 2011 - 16:10

Skarsterlân wol it plein Sinnebuorren op 'e Jouwer opknappe en útbouwe ta in ambachtskwartier. By it plein soe nei ferrin fan tiid in Ambachtshûs komme moatte dat plak biedt oan allerhanne ambachtslju as goud- en sulversmeden, kleanmakkers en klokmakkers.

It Ambachtshûs soe komme moatte op it plak dêr't no noch in âldereintehûs stiet en is in ambysje foar de langere termyn. De gemeente wol begjinne mei it oantrekliker meitsjen fan de Sinnebuorren sels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)