WTC-Expo lilk op Bløf

27 sep 2011 - 16:03

De lieding fan it WTC-Expo kompleks yn Ljouwert, is lilk op de Sieuske band Bløf. Bløf hie foar 25 novimber in hal ôfhierd om in konsert te jaan. De band hat dat no annulearre omdat de kaartferkeap ôffalt. Itselde jildt foar it konsert fan Marrillion dat op 30 novimber programmearre stie.

De bands binne yn beide gefallen de risikodragende partij. Harrie Steenkamer, manager Hospitality fan WTC-Expo, is der lulk oer omdat it ek negatyf op it WTC ôfstrielet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)