Frachtwein ferliest lading

27 sep 2011 - 08:37

Op de Wâldwei fan Drachten nei Nyegea hat in lytse frachtwein mei oanhinger tiisdeitemoarn in izeren balke ferlern. Dat barde tsjin sân oere.

Seis auto's krigen dêrtroch skea. De auto's hiene ien of meardere lekke bannen en moasten fuortsleept wurde. De sjauffeur fan de frachtauto is trochriden en hat him ek net melden. Troch it ûngelok en de ravaazje dy't opromme wurde moast, ûntstie in file fan sa'n fiif kilometer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)