Fragen oer kleur boargemaster

26 sep 2011 - 23:16

De PvdA yn gemeenteried fan Hearrenfean hat fragen oer de kleur fan boargemaster Van der Zwan. De partij wol witte hokker klup er stipet yn de bekerstriid tusken Hearrenfean en Harkemase Boys. Van der Zwan wie earder boargemaster fan Achtkarspelen.

Hy wennet dêr ek noch en dus moat der helderheid komme, sa fynt de PvdA. Dy hiene foar de gelegenheid allegear in shirt fan SC Hearrenfean oan. Van der Zwan sels fynt it in ympertininte fraach. Hy joech dan ek gjin antwurd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)