Gefolgen útstel gemeentefúzje

26 sep 2011 - 20:49

De gemeente Skarsterlân ûndersiket wat it útstel fan de fúzjedatum betsjut foar de amtstermyn fan boargemaster Looman. Skarsterlân wol per 2013 fusearje mei Lemsterlân en Gaasterlân-Sleat. De minister hat koartlyn sein dat dat in jier letter wurde moat.

Boargemaster Mary Looman is oansteld foar de perioade oant de fúzjedatum fan 1 jannewaris 2013. De gemeente wol no witte oft eventuele ferlinging in formaliteit is of dat dêr wer in apart beslút oer nommen wurde moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)