Soad sykte yn de mais

26 sep 2011 - 20:11

De kwaliteit fan de mais yn Fryslân lit bot te winskjen oer. Yn in soad perselen sit sykte. De wichtichste oarsaak is it minne waar fan de lêste moannen. Dy soarget derfoar dat de kwaliteit fan de mais leech bliuwt. Boeren yn Fryslân brûke mais as feefoer.

De kommende wiken wurdt de mais haksele. Dat kin op guon plakken soargje foar glêde diken. It sil nei alle gedachten in moanne duorje ear't alle mais yn Fryslân fan it lân is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)