'Menners moatte faak traine'

26 sep 2011 - 12:21

Te min ûnderfining mei hynders soe neffens hynsteman Hessel Bouma (76) fan Turns wolris de oarsaak wêze kinne fan ûngelokken mei hynders. Yn Nijhoarne rekken dit wykein trije minsken ferwûne en yn Aldemardum twa. Bouma is syn hiele libben mei hynders dwaande. Hy docht mei Fryske hynders geregeld mei oan ringriderijen en rydt ek by trouwerijen en begraffenissen.

Bouma ken de gong fan saken fan dit wykein net, mar neffens him binne der geregeld menners mei te min ûnderfining.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)