'Topkok dupe fan swak B&W'

Poldervaart by in eardere priisútrikking (foto: Omrop Fryslân)
Topkok Marco Poldervaart seit de dupe te wurden fan it ynstabile kolleezjebestjoer yn Harns. Poldervaart hat noch altyd plannen om in restaurant te begjinnen yn it monumentale Havenmantsje. Betingst is wol dat er it gebou útwreidzje mei. Nei lang wachtsjen krige de topkok sneon in brief fan de gemeente. Hy hope op in oplossing, mar dat foel ôf.
Neffens de gemeente hat Poldervaart by de oanfraach fan it Havenmantsje net praat oer needsaaklike útwreiding.