Stresstest foar provinsje

26 sep 2011 - 10:49

De provinsje moat in finansjele stresstest dwaan litte om dúdlik te krijen oft se mooglike ôffallers yn de takomst opfange kinne. Dat fynt de steatefraksje fan de VVD yn Fryslân.

De lanlike Ried foar de finsjele ferhâldings jout it advys foar sa'n stresstest. Oan de hân fan ferskate senario's wurdt dúdlik makke wat it finansjele perspektyf is fan in provinsje. Foar steateleden is it ek in ekstra ynstrumint om kontrôle út te oefenjen op finansjeel belied.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)