Mear behannelingen obesitas

26 sep 2011 - 09:40

It Sintrum foar Obesitas yn Nederlân hat dit jier al mear pasjinten behannele as yn it hiele ferline jier. Moandei wurdt de 500e pasjint operearre. Ferline jier giene 430 minsken ûnder it mes.

It Centrum voor Obesitas is ûnderdiel fan it MCL. Dit jier ferwachtsje se 650 minsken te behanneljen tsjin oergewicht. Pasjinten krije faak in lytsere mage, sadat se minder ite kinne. Dêrnei wurde de pasjinten begelaat by itensieden en sporten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)