Weening 60e op WK hurdfytsen

25 sep 2011 - 17:39

Hurdfytser Pieter Weening fan 'e Harkema is sneon as 60e einige by it wrâldkampioenskip yn Denemarken. Weening einige by de massasprint yn it peloton. Winner én wrâldkampioen waard de Brit Mark Cavendish. Twadde waard de Australiër Matthew Goss en de Dútser André Greipel waard tredde.

De bêste Nederlanner wie Pim Ligthart, hy waard 21e. Weening hat him in pear kear fan foaren sjen litten, mar it parkoers wie neffens him net selektyf genôch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)