30 jier Historie W'werf

25 sep 2011 - 15:11

De feriening Historie Weststellingwerf fierde sneon it 30-jierrich bestean mei in jubileumboek en in iepen dei. It boek 'Weststellingwerf, doorkijk naar een boeiend verleden', jout in oersjoch fan de kultuerhistoaryske rykdom yn de gemeente. Direkteur Bert Looper fan Tresoar krige sneon it earste eksimplaar.

Oare aktivteiten wiene in besite oan Huize Lindenoord en de doarpstsjerke ûnder lieding fan in gids en it besjen fan âlde doarpsfilms.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)