Epke oefenet foar it WK

25 sep 2011 - 14:52

De Nederlânske turnploech mei de Friezen Epke Zonderland, Arjen Butter en Michel Bletterman kaam sneon yn Alphen aan den Rijn yn aksje yn de oefenynterlân tsjin België. De wedstriid wie in lêste testcase om te sjen hoe't de ploech der foar stiet, koart foar it wrâldkampioenskip yn Tokio. Dat WK set op 7 oktober útein.

It doel is om dêr mei de ploech by de bêste 16 lannen te einigjen, om sa kâns te hawwen op meidwaan oan de Olympyske Spelen yn Londen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)