Kollumer portier krijt klap

25 sep 2011 - 14:17

In 19-jierrige man út Drachtsterkompenije is yn de nacht fan sneon op snein troch de plysje oanhâlden yn Kollum yn ferbân mei mishanneling. Hy soe de portier fan in bar oan de Foarstrjitte in klap op it kin jûn ha, doe't dy him de saak útsmite woe.

De 19-jierrige man soe him ferfelend gedroegen hawwe. De plysje naam de man mei nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)