Klap nei tútsjeboartsjen

25 sep 2011 - 13:57

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in Redúster (20) oanhâlden yn Warkum, neidat er spul krigen hie mei in pear oaren. De Redúster wie yn syn auto oan it tútsjeboartsjen mei syn freondinne. In groepke manlju dy't ûnderweis wie nei de haven seach dat en makke der in opmerking oer.

De Redúster stapte doe de auto út en sloech in man dy't syn auto hinne en wer skodde. It groepke manlju hâlde de Redúster doe fêst en warskôge de plysje. Dy naam de Redúster mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)