Brân op rûnfearboat Ljouwert

25 sep 2011 - 08:41
(Foto: Anton Kappers)

Der hat sneontejûn brân west yn rûnfeartboat 'Wetterfreule' by de Grutte Wielen by Ljouwert. In foarbygonger rûkte in brânlucht en nei ûndersyk warskôge hy de brânwacht.

Doe't dy oankaam stie de rûnfeartboat fol reek. Mooglik is der koartsluting yn de boat ûntstien. De eigner is warskôge. De skea troch de brân is beheind bleaun.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)