Hearrenfean ferjit te winnen

Oussama Assaidi (foto: Dirk Jan Haarsma)
SC Hearrenfean hat sneontejûn mei 1-1 lykspile tsjin Heracles Almelo. Hiene de gasten yn 'e earste helte it measte balbesit, Hearrenfean wie loerend op 'e kounter fierwei it gefaarlikst. Utblinker Oussama Assaídi brocht Hearrenfean op in 1-0 foarsprong.
Hearrenfean krige fia Narsingh en Dost tal fan mooglikheden de marzje te ferdûbeljen. Nei in oere fuotbal pakte Heracles it inisjatyf. Armenteros soarge foar de lykmakker en Van der Linden kopte tsjin de peal.