Warkumer bedriget EHBO-er
Yn in feesttinte yn Warkum is freedtejûn in 25-jierrige man út dat plak oanholden. De fertochte wie earder op de jûn de feesttinte útset omdat hy belutsen wie by in fjochtpartij. Bûten de tinte bedrige de man in 46-jierrige EHBO-er.
De plysje hat Warkumer dêrop nei it plysjeburo brocht. De EHBO-er hat oanjefte dien.