27 bekeurings op Junokade

Grutte ferkearskontrôle oan de Junokade (foto: Anton Kappers)
De plysje hat op de Junokade yn Ljouwert freed 27 bekeurings útdield yn ferbân mei de oerlêst fan auto's op dat plak. De Junokade waard hielendal ôfsletten en sa'n 40 auto's waarden kontrolearre. Yn alve gefallen makke de motor tefolle leven. Oare oarsaken wiene glêde bannen, gjin goeie ferljochting en it net sjen litte kinnen fan it ryd- of kentekenbewiis.
Yn de omjouwing fan 'e Junokade waard kontrolearre op snelheid en dat smiet noch mear as hûndert bekeurings op.