Gelyk spul foar Avanti

24 sep 2011 - 08:21

Sealfuotbalklup Avanti hat freed mei 4-4 gelyk spile tsjin FC Marlène út Heeghugowaard. Der hie sels wol in oerwinning yn sitten foar de Stiensers, mar Tim Hof miste noch in kânske krekt foar tiid. Avanti kaam earst op in 1-0 efterstân , mar wist dêrnei op in 3-1 foarsprong te kommen.

Krekt foar it skoft waard it 3-2 en al yn it begjin fan de twadde helte kaam FC Marlène gelyk en op 3-4. It wie Hof dy't de 4-4 op syn namme skreaun.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)