Lead stellen by bedriuw Harns
Fan it dak fan in bedriuw yn Harns is 55 meter lead stellen. It bedriuw, oan de Kimswerterwei, hie al in skoftke lêst fan lekkerij.
In meiwurker fan in dakdekker kaam der achter dat it stellen lead dêr de reden foar wie. Der is oanjefte dien by de plysje.