Tsjerke Koartsweagen opknapt

Foto: Douwe Boersma, Omrop Fryslân
Yn Koartsweagen by De Gerdyk is de restaurearre tsjerke weriepene. It giet om de herfoarme tsjerke út 1797. Dy is al mear as tritich jier yn hannen fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken en wurdt eins allinne noch brûkt foar begraffenissen en trouwerijen.
It gebou is de ôfrûne twa jier yngreven opknapt. It hie wol hiel wat fuotten yn 'e ierde foardat it safier wie, seit Peter Postma fan de restauraasjekommisje.