Ferkearsregelers yn Drachten

23 sep 2011 - 16:56

De gemeente Smellingerlân set ferkearsregelers yn om opstoppings yn it sintrum foar te kommen. Om't De Drift troch wurksumheden foar ferkear ôfsletten is, is it yn de spits in gaos op de krusing Raai - De Kaden - Dwersfeart.

It wurk oan it Raadhúsplein duorret noch oant 2015. Oant dy tiid is ek De Drift ôfsletten foar auto's. De gemeente wit noch net hoe't se it probleem foar langere tiid oplosse moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)