Minister: A6-A7 130 km-dyk

23 sep 2011 - 16:15

Minister Schultz van Haegen achtet de kâns grut dat de dyk De Lemmer-It Hearrenfean definityf 130 km wurdt. Se hat besletten dat it knooppunt by De Jouwer dêrfoar geskikt makke wurde moat. Earder dizze wike waard bekend dat it wurk oan de dyk dêrtroch in jier letter klear is en 4 miljoen euro djoerder útfalt.

De minister seit in takomstbestindige kar makke te hawwen. Se is net benaud dat de proef mislearret en op de djoere dyk aanst wer 120 it maksimum is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)