Undersyk nei ûngelok Akkrum
De plysje docht ûndersyk nei in iensidich ûngelok by Akkrum. In 52-jierrige ynwenner fan It Hearrenfean rekke dêrby ferwûne.
Op de Boarnsterdyk rekke de man de macht oer it stjoer kwyt en bedarre er mei de auto yn de sleat. Hy is mei ûnbekende ferwûnings nei sikehûs De Tsjongerskâns op It Hearrenfean brocht.