Fammen ûntstelle frou pinpas

23 sep 2011 - 09:54

In 67-jierrige frou is tongersdeitemiddei yn in winkel yn Drachten troch twa fammen fan har pinpas bestellen. Se hawwe dêrnei mei de pas jild opnaam by in automaat oan De Drait. De plysje tinkt dat de famkes de pinkoade mooglik ôfsjoen hawwe, wylst de frou oan it pinnen wie. De plysje is no op syk nei de fammen. Sy binne beide likernôch sechtsjin jier âld. Tsjûgen kinne harren by de plysje melde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)