Boarnsterhim hâldt jild oer

Boarnsterhim liket de finânsjes better ûnder kontrôle te hawwen. De gemeente hat al jierren finansjele soargen, mar de neijiersnota 2011 lit in posityf saldo fan 127.000 euro sjen. Neffens de gemeente hie it resultaat noch better west as it tal bystânsútkearings net heger wurden wie. Dêrneist krijt de gemeente minder jild fan it ryk.
Posityf is dat de gemeente legere finansierings- en ôfskriuwingslêsten hat.