Kontaktdei popmuzykbedriuwen

22 sep 2011 - 16:17

De allerearste Frysk Popnet- Bedriuwekontaktdei wie tongersdei yn Schaaf City Theater yn Ljouwert. Dêr kamen sawat tweintich standhâlders út it popbedriuwslibben en it ûnderwiis op ôf. Se kamen om te netwurkjen.

Neffens organisator Libbe Veenstra fan Stichting Friesland Pop is de popkultuer ûnderwilens in serieuze bedriuwstak te neamen. Dêrom sil der nei alle gedachten wêr sa'n netwurkdei komme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)