Ite yn Loft op grutte hichte

22 sep 2011 - 14:37
It plak fan it nije loftrestaurant (foto: Rob Pieters, Omrop Fryslân)

Yn it WTC Hotel yn Ljouwert kin meikoarten iten wurde mei in panoramysk útsjoch. Op de boppeste ferdjipping iepenet it hotel in twadde restaurant. Restaurant Loft giet op 9 novimber iepen.

Der sille benammen saneamde priuwerijen optsjinne wurde yn it loftrestaurant. Neffens manager Sietske van der Bij foarsjocht it nije restaurant yn in ferlet.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)