Koster: 'Sjoch myn eagen út'

22 sep 2011 - 14:13

De 18-jierrige Anouska Koster sjocht har eagen út yn Kopenhagen by it WK hurdfytsen. It talint fan De Westereen komt freed sels foar it earst yn aksje op in wrâldkampioenskip. 'We ha al in parselunsj hân mei de profs, mei ûnder oaren Marianne Vos', sa fertelt Koster.

It parkoers, mei in heuvelachtige oankomst, leit Koster goed. Koster: 'Ik wol gewoan knalle en dan sjoch ik wol hoe heech ik einigje.' De wedstriid begjint freed om 09:30 en giet oer santich kilometer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)