Fernijde site Fryske skiednis

22 sep 2011 - 14:03

Op basisskoalle De Wynwizer yn Ljouwert is tongersdeitemoarn de fernijde webside fan de Kanon fan de Fryske Skiednis lansearre. Der is omtinken foar alle hichtepunten út de Fryske skiednis, fan terpen oant de winner fan de lêste Alvestêdetocht.

De presintaasje fan de webside wie tagelyk ek de ôftraap fan de aktiviteiten dy't de kommende tiid hâlden wurde om de Kanon fan de Fryske Skiednis hinne. It adres fan de fernijde website is www.11en30.nu.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)