'Mear jild húsferbod nedich'

22 sep 2011 - 12:55

Der moat mear jild komme foar húsferboaden yn Fryslân. Dat fine ferskate ynstânsjes. Help by in húsferbod kostet 2750 euro. It ryk en de gemeenten betelje dat. Fryslân hat fan it regear jild krige foar 36 húsferboaden yn it jier. Mar der wurde likernôch hûndert oplein. By in húsferbod wurkje plysje, gemeenten en it iepenbier ministearje gear. Ien dy't him skuldich makke hat oan húslik geweld mei tsien dagen net mear thúskomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)