Oerfallers yn sliepkeamer Arum

22 sep 2011 - 12:16

By in wenningoerfal yn Arum binne woansdeitenacht de bewenners bedrige. Se seagen de doar fan de sliepkeamer iepengean. Under bedriging fan wat in fjoerwapen like moasten de bewenners besittings ôfstean. De plysje wol net sizze wat der krekt bútmakke is.

De iene fertochte hie in donkere hûdskleur, de oare in ljochtbrune. Dy fertochte wie tusken de 25 en 32 jier, hie brune eagen, seach der sleau út en hie in mûtse op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)